Instock op Omrop Fryslân

14 december 2014

Ook Omroep Friesland kwam even langs bij Instock. Ik hoop dat je een beetje Fries kunt, want het hele artikel is in het Fries!

OMROP FRYSLAN

Yn ús maatskippij wurdt best wol in soad iten fuortgoaid. Restaurants, bedriuwskantines, supermerken; sadree in ferpakking los sit, der in plakje op it fruit sit of guod krekt oer de datum is giet it it jiskefet yn. Wrâldwiid giet der 1,3 miljard ton iten per jier ferlern. Wy binne thús ferantwurdlik foar it grutste part: 42%. Oan it begjin fan de keten, by de boeren, túnkers en produsinten wurdt al 39 % wei, de horeka nimt 14% foar har rekken , en 5% ferdwynt by de supermerken.

Yn Amsterdam kamen wy in moai inisjatyf tsjin. Freke van Nimwegen, hike en tein yn Mûnein, giet it oan it hert dat sa’n soad iten fuortgoait wurdt. Dêrom starte se Instock, in restaurant dêr’t je iten krije dat oars wei wurde soe. Se begjint moarns mei it opheljen fan produkten.

Wat stiet der op it menu?
Instock is in restaurant yn Amsterdam dêr’t it menu bepaald wurdt troch wat supermerken fuortgoaie. Freke van Nimwegen, hike en tein yn Mûnein, wurket foar Ahold en seach dat ien oant twa prosint fan de omset fan AH winkels fuortsmiten waard. Derom betocht sy Instock. Moarns giet sy by fjouwer supermerken del en hellet dêr guod op dat oars yn it jiskefet bedarje soe. Dat iten bepaald it menu fan restaurant Instock. Botte Jellema sjocht wat it dizze kear opsmiten hat.

Dit restaurant Instock is in proef fan in jier, mar it is in súkses en dêrom gean se nei maaie troch, wierskynlik mei in restaurant yn Amsterdam Oost

Beluister hier het radio fragment.